Brantgum zoekt; Enthousiaste spelers voor het openluchtspel van juni 2019

Geplaatst op 14 juni 2018

We spelen "de Lêste Floed" naar het nieuwste boek van Durk van der Ploeg. Onze schrijfster is Baukje van Hijum en de regie is in handen van Atsje Lettinga..

Het wordt vast weer fantastisch !!!

.

MEEDOEN?

Kom dan naar één van onze auditie avonden....

  • Woensdag 4 juli of
  • Donderdag 12 juli a..s.

19.30 uur in dorpshuis "de Terpring" in Brantgum Opgave via onderstaande mail o.v.v. datum en naam.

We ontmoeten je daar graag.

mail: info@iepenloftspulbrantgum.nl
Website: www.iepenloftspulbrantgum.nl

Flyer/afbeelding met bovenstaande informatie

...↑

“De Lêste Floed”

Iepenloftspul Brantgum - Juny 2019 -

Wat spile him ôf yn it húshâlding fan Tsjerk Vogel, doe`t yn 1969 it beslút foel om de Lauwerssee ôf te sluten fan it Waad.

Trije generaasje Vogel hiene jierrenlang, by dei en by nacht, yn it slyk om bealge om in stik see, dat yn`e midsiuwen troch in heislike stoarmfloed ûntstien wie, werom te winnen.

Tsjerk seach it as syn libbensdoel om de djippe ynhammen, it ferlerne gebiet sa hy dat neamde, ta sines te meitsjen en dat woe er, mei hurde hân, syn beide soannen ek oplizze. Dat de jonges dat oars seagen koe er mar min ferkropje!

Generaasjekonflikten binne fan alle tiden, dus wat dat oanbelanget is der gjin nijs ûnder de sinne. Mar hoefolle pine bliuwt der yn`e herten efter. Hoefolle pine moat er wol net yn it hert fan Tsjerk Vogel sitten ha, as er nei jierren foar`t earst by de slûzen komt en it útraast,”hjir hat God my yn`e steek litten!”

It iepenloftspul begjint as de jongste soan Arjen nei jierren werom komt en it âldershûs, suver noch yn`e âlde steat, werom fynt. It is in yngripend stik, in hunkerjen nei erkenning, in gefjocht tusken leafde en haat.

It alderbêste kin ik it omskriuwe mei de wurden dy`t Durk van der Ploeg yn syn foarwurd skreaun hat:

‘Oantinkens is minske taaiste besit, te fergelykjen mei âlde kastbuorden, trochbûgd ûnder de fracht fan`e tiid. Yn`e kast lizze se stil en buorden kleie net, se drage of brekke of sjitte los en litte in gaos efter. Oantinkens hawwe har gewicht. De minske bûcht ta it uterste.’

Baukje van Hijum.

pdf bestand met bovenstaande inleiding van Baukje van Hijum

...↑